Table Of ContentHDWIDENER
Neth
HW LESZ
8792
SIPMA
FRYSK LÉS- EN
TAELBOEKJE
II
HARVARD
UNIVESITY
LIBRARY
Neth 8792.5
Harvard College Library
S
E
D
AO
CT
A S
I
R
H
N
O
!ULLIGIS .VNI
FROM THE BEQUEST OF
EDWARD HENRY HALL
(Class of 1851)
OF CAMBRIDGE
FRYSK LÊS- en TAELBOEKJE
(Mei de earste priis bikroand antwird op de
priisfrage, útskreaun fen it Selskip for
Fryske Tael- en Skriftenkennisse)
TROCH
P. SIPMA,
Onderwizer to Grins.
II.
LEIDEN,
W. M. TACONIS Ss.
1906.
Gutto86.406
7 5 5 5.3007
Neth 8792.0
H A R V A R D C O L L E G E
NOV 22 1916
LIBRARY
Hall fund
Y NHÂLD.
(De nûmers mei in stjerke binne ferskes).
Side.
*1. Frysk Folksliet. Dr. E. Halbertsma . 3
.
2. Myn fluitsje. G. Colmjon 4
3. Witnis is rykdom. C.. 6
.
*4. Waldsang. H. S. Sytstra. 7
5. Harnser hirdsilen op sé. Gundebald. (Dr. Johan Winkler) 9
*6. De yndiking fen de Sudersé (fragmint). S. K. Sipma 11
7. Sprekwirden en Sizwizen 13
8. Reizgjen. H. G. van der Veen 15
*9. Simmerjoun. J. R. Kloosterman 16
10. De twa skepers. D. B. C. . 18
11. Wittenskip yn 'e boerkerij. A. Rauwerda 20
*12. It marke (fragmint). Dr. E. Halbertsma 23
.
13. Skilinge. Madzy. (Jiffer J. Terpstra). 24
*14. In helt. J. Hoekstra 26
15. Twa proeven. 29
16. Lytsgûd. 31
17. Ljouwert. Gundebald. (Dr. Johan Winkler). C-aa. 34
*18. Jong sémans ôfskie. P. J. Troelstra. 37
*19. De séman. C. Wielsma . 39
20. Fen de bevers. N. B. 40
*21. Hjerstmoarn, O. H. Sytstra. 43
*22. De Maeitiid kaem wol. T. E. Halbertsma 44
23. Fryslân yn de 15de ieu. J. P.,Asman 46
*24. De fornûge fjildbiwenner (fragmint). H. S. Sytstra 48
25. Denemarken. G. Colmjon 51
*26. Hjerstwyn. Sj. de Zee. 53
27. De Friezen op de Färöen. G. Postma 55
*28. Foarjier. P. Sipma. 59
*29. In sankje fen ljeafde. Jan fen 'e Gaestmar (J. J. Hof). 60
30. It Heitelân, G. Colmjon. 62
.
*31. It Heitelân. J. L. van der Burg 63
Wirdlistke . 65
Wird foarôf.
In pear wirden by it yn 't ljocht kommen fen it twadde stikje fen myn
Frysk Lês- en Taelboekje: it hat, leau'k al bliken dien, det it net forkeard
wêze scoe, noch effen fen it ien en 't oar in wirdtsje to sizzen.
Yn dit wirk haw ik my helendal los meitsje wollen fen de âldemethode
fen taelûnderwys, dy't mei de skreaune wirden bigjint en dêr einliks altyd
mar mei foartfart. My tocht, sok ûnderwys scoe for it Frysk earder in
tobekset as in foarútgong wêze. Ik moast de wirden, dêr't de ûnderskate
klanken yn opsocht wirde, om dy den letter skriuwe to learen, wol printsje
litte, mar my sels tinkt, it hie better west fen net. (Dat scoe lykwol allinne
kinnen ha, as ik aparte boekjes for de master en for de learling skreaunhie).
De bidoeling is, yn de spritsene wirden de klank op to siikjen en dêr it
teiken for mei to dielen. En is der út in oantal gefallen in regel op to
meitsjen, den moatte de learlingen dy ûnder lieding fen de masterfine.Altyd
is de klank nûmer ien, den pas komt it skreaune teiken.
Mar nou scoe der licht wol tige oer tsierd wirde kinne, oft de iene ef
de oare klank wol goed oanjown is. De útspraek is yn de ûnderskate kriten
fen Fryslân wol ris ûngelyk; myn wirk rêst op myn eigen útspraek en opdy
fen de kriten, dy't ik op dit stik ûndersocht ha. Al de ôfwikingen oanto jaen.
koe net en wier my ek net dwaenlik, hwent sa fier is myn ûndersiik noch
net gien; in pear kear haw ik bisocht om der efkes op to wizen, b.g. by
00=ou yn dou, kou, ef by aei-ei yn ik klaei, ik klei, ensf. Fierder bin 'k
mar net gien; elk moat hjir, tinkt my, hwet earmslach hâlde en frijichheit
hawwe om hwet ôf to wiken, al nei de streek, dêr't myn boekje brûkt
wirde scil.
En sa woe ik ek fen wirden, dêr't twa ef mear ûngelikense foarmen fen
yn gebrûk binne, it iene net ôfkarre; ik ha se den beide like goed in
plak jown.
Yn it Wird foarôf fen it earste stikje waerd in boekelistke biloofd. Dat
is net bêst biteard, licht wol, om't de measte geskikte Berneboeken my
ûnbikend bleaun binne. Dêrom neam ik hjir mar allinne trije, dy 't tagelyk
mei dizze hantlieding lêzen wirde kinne:
C. Wielsma, For de Bern.
Van Warners, Wielsma, Hornstra, Zwart, Blide Bernkes ef Elk sjongt
syn liet.
E. Zwart, Us doarp.
- 2 -
Hwa mear wit, scoe my in deugd dwaen, as er my dy ris opjaen woe.
Der hie nou licht yet folle mear wol bispritsen wirde kinnen, mar dat
kin hjir net barre. Ik slút dêrom mei de selde winsk as yn it earste stikje en
tankje frjeonlik for de goede miening fen de kommisje fen bioardieling oer
myn wirken for de help, dy't ik fen dizze en jinge, en foaral fen de Hear
O. H. Sytstrafen Ljouwert hawn ha. Boppe dat mien ik, det hjir wol in
hertlik wird fen tank stean mei oan it Headbistjûr fen it Selskip for Fryske
tael- en skriftenkennisse en binammen oan de man, dy't it skriuwen en de
útjefte fen in Hantlieding for ûnderwys yn de Fryske tael mooglik makke ha.
GRINS, October 1906. P. SIPMA.